Episodes
-
Yn 2030 moat leafst 50% fan de lânbou yn Noard-Nederlân natuerynklusyf wêze. Dat is de ambysje fan heechleraar Gjalt de Jong. De professor hat sels in transysje ûndergien fan 'Donald Trump ekonoom' nei in aktivistysk wittenskipper dy't him folslein ynset foar duorsum ûndernimmerskip.
-
It belang fan sûn iten wurdt hieltyd mear oantoand. Mar toch is de merk foar 'biologysk' lyts. Wolle we dat de lânbou dizze rjochting ynslacht, dan moatte konsuminten wol om dy produkten freegje. Mei it pilotprojekt 'Bioregio' wol Martien Lankester de minsken massaal oan it sûne iten krije.
-
Missing episodes?
-
Pieter van der Valk leaut dat de lânbou in soad problemen fan de maatskippij oplosse kin. Dêrfoar hat er de koöperaasje 'Agricycling' oprjochte. Want it recycljende fermogen fan de lânbougrûn moat folle better brûkt wurde. Dêr hat de boer baat by, maar de boarger ek.
-
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. It lêste diel, diel 5, hat as titel in fraach krigen: 'Is this Friesland?' De wrâld feroaret, kultuer is yn beweging. Wat is der te sizzen oer de identiteit fan it Fryslân fan no? Looper begjint yn it Fries Film Archief en komt dan by de fontein fan Jaume Plensa yn Ljouwert, dy't symboal stiet foar 'beweging'. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
-
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 4 hjit: 'In rurale idylle'. Skiednis, taal en lânskip klinke yn de gedichten fan Gysbert Japicx en binne optekene yn de atlassen fan Schotanus. Oan de ein fan de 19e iuw drage de earste tydskriften by oan de romantyske ideeën oer it Fryske plattelân. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
-
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 3: 'De ein fan de beskaving' fiert nei de universiteit fan Frjentsjer en nei De Gordyk, dêr't it giet oer de ekonomyske ûntwikkeling fan súdeast-Fryslân. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
-
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 2: 'It alter fan de frijheid' giet oer de Upstallbeam yn Dútslân en de midsiuwske fresko's yn it tsjerkje fan Westerwijtwerd. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
-
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 1 'De ferbylding oan de macht' begjint by it Paleis fan Justysje yn Ljouwert op 16 novimber 1951: Kneppelfreed. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
-
Long COVID is in nije sykte. Sa'n 10 prosint fan de minsken dy't besmet west hawwe mei it coronavirus, hâldt lang klachten. As dy langer as trije moannen oanhâlde, sprekke we fan Long COVID. It ûndersyk nei dizze sykte is noch mar krekt fan start. Yntusken wrakselje pasjinten mei de erkenning en de ûndúdlikens fan dizze sykte. Longarts Jolanda Kuijvenhoven en fysioterapeut Afien Wybenga diele ynformaasje oer dizze sykte en de behanneling dêrfan. Dizze podcast heart by de FryslânDOK TV-dokumintêre: 'De lange azem - libje mei Long COVID': https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/fryslandok-fan-30-jannewaris-2022-1700 www.herstelnacovid.nl www.c-support.nu www.longfonds.nl
-
As lytse poppe fan seis wike âld gong Marianne Klijnstra mei it fleantúch fan Sri Lanka nei Fryslân. Se waard grutbrocht troch har Fryske adopsje-âlders, op in pleats, tusken fee en greiden, yn de Fryske taal en kultuer dy't se folslein omearme hat. Ynterviewer Hielke van Duuren freget har: Wat gebeurt der mei dyn identiteit, asto fan it begjin ôf yn in oare kultuer opgroeist, as dêr'st berne bist? Dy taal is wichtich, seit Marianne, dat makket dat se folslein akseptearre wurdt yn Fryslân. Mar dêr skjirret it ek. Want hoe soe it wêze as se gjin Frysk prate? Soe har hûdskleur en achtergrûn dan in oar effekt hawwe op oare minsken? Prate mei Marianne Klijnstra is, sa ûnderfynt Hielke, foaral prate mei dysels: hoe iepen stean ík eins tsjinoer oare minsken?
-
Telefyzjepresintator en comedyskriuwer Harm Edens wennet oan de Aldebiltdyk. Hy hat in bining mei Fryslân, mar mear as taskôger, as as dielnimmer. Hy praat mei de Friezen, sjocht se yn har deistich bestean. In man dy't oeral de humor fan ynsjocht sil de komyske kant fan de Friezen sjen. Mar ek wêr't se serieus te nimmen binne. Harm Edens is ommers sels in jonge út de regio: hy groeide op yn Twinte en is in soan fan âlders út Grinslân. Hielke van Duuren giet mei Edens yn gesprek. Wêrom lûkt it plattelân, de provinsje him? En wat is syn eigen syktocht nei identiteit?
-
Tjits van der Wal is teätermakker en sjongeres. Foar Omrop Fryslân makket sy flochs oer har gesinslibben mei man en twa bern yn Broeksterwâld. Dat liket hiel gewoan op it earste gesicht: in mem dy't bern nei skoalle bringt, harren foarlêst en ferskes sjongt. Mar wat opfalt, is de kulturele befleinens dêr't se har bern yn it Frysk mei grutbringt. Ek as teätermakker is sy altyd yn it Frysk dwaande. Foar har is dat sa wichtich, dat se 'der pikefel fan krijt'. Wêrom sit dy emoasje by Tjits sa heech, as it oer har en Fryslân giet?
-
Mirka is berne yn it eardere Joegoslavië. Op 'e flecht foar de oarloch yn de jierren tachtich kaam sy mei har mem yn Nederlân telâne. As jong famke hat sy hiel wat trochstien. Har bertegrûn, har freonen en famylje moast sy achterlitte, en yn it nije lân moast sy in nije taal leare, har oanpasse en har opnij ferbine mei oare minsken. No is Mirka Antolovic direkteur fan anty-diskriminaasjeburo Tûmba en sit se yn de ried fan Ljouwert foar de PvdA. Hielke van Duuren freget Mirka hoe't har skiednis har foarme hat, en wat Fryslân en syn ynwenners foar har betsjut.
-
Seye Herke Brinkman waard bekend as ien fan de blokkearfriezen. Op syn eigen wize, kompleet mei eksintrike outfit, sprekt hy him graach út tsjin bemuoienis fan de Rânestêd. Brinkman omearmet it âlde, sa't de dingen eartiids wiene. En alles dat Frysk is, hat by him in streekje foar - hy praat graach yn de 'wy-foarm' as it oer himsels en Fryslân giet, want 'de Friezen' en hy, dat is ien. Hielke van Duuren giet mei him yn petear oer syn ideeën. Wêrom fynt Brinkman Fryslân sa belangryk? En is der ek in kearside as jo jo sa fêstklampe oan ien plak en ien identiteit?
-
Joana Duarte komt út Portugal en wennet no al jierren yn Fryslân. Sy sprekt njonken it Frysk nóch acht talen. Joana is bysûnder heechlearaar meartaligens en wrâldboargerskip, is lektor oan NHL Stenden en jout les op de RUG yn Grins. Se komt dus in protte ferskillende minsken tsjin. Diversiteit is belangryk foar har. Se set har dêrfoar yn, foar gelikense kânsen, foar taal en in brede kulturele oriïntaasje. Sy tinkt 'global'. Troch har grutte talekennis kin se har ferbine mei de rest fan de wrâld. Hielke van Duuren freget har oft jo én wrâldboarger wêze kinne én tagelyk ferbûn wêze kinne mei in thús. Jout dat gjin spanning?
-
Yn 'Wy & Dy' praat de jonge histoarikus Hielke van Duuren mei minsken oer har identiteit. Wat spilet dêrby in rol, en wat hat Fryslân dêrmei te krijen? Yn seis ôfleverings binne Joana Duarte, Seye Herke Brinkman, Tjits van der Wal, Mirka Antolovic, Marianne Klijnstra en Harm Edens te gast. As earste fertelt Hielke van Duuren sels wêrom't hy dizze podcast meitsje woe. Dat kaam troch it boek 'De wereld van gisteren', skreaun troch de Joadsk-Eastenrykse skriuwer Stefan Zweig. Dy rekke yn syn libben alles kwyt wat foar him 'thús' en 'identiteit' betsjutte. Hielke: 'Jo earne thúsfiele, earne weikomme, in bepaalde kultuer drage - dat sprekt net altyd fansels. As dat der net is, kinne minsken yn in djippe krisis bedarje. Wy kinne ússels ôffreegje: kinne wy wol minsk wêze sûnder identiteit, sûnder ús te ferhâlden ta de wrâld? De podcast Wy & Dy is in syktocht nei hoe't identiteit wurket. Under oare de Fryske identiteit, mar eins alle lagen fan identiteit dy't wy yn ús hawwe.'
-
Histoarikus Albert van der Zeijden wurket foar it Kenniscentrum Immaterieel Erfgoed. Bart Kingma ynterviewde him oer it belang fan tradysjes. Fersterkje dy de regio, of hâlde se de foarútgong tsjin? 'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies, by de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân' oer fernijing op it plattelân. FryslânDOK siket nei lytse, lokale inisjativen, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn de searje is fan Kjartan Sveinsson.
-
De ûnfrede op it plattelân rjochting Den Haach nimt ta. Heechlearaar 'Global & local governance' Caspar van den Berg wol de plattelânsgebieten Fryslân en Seelân oanwize as laboratoaria foar in demokratysk eksperimint. Van den Berg is ferbûn oan de University Campus Fryslân. 'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies en heart by de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân'. De searje giet oer lytse, lokale inisjativen op it plattelân, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk is fan Kjartan Sveinsson.
-
Kalmte en oandacht binne nedich om kreatyf te tinken, seit filosofe Joke Hermsen. Ast opjage wurdst troch de klok, rekkest út balâns en is der in risiko op burn-out. Wy moatte, seit Hermsen, sa no en dan oan de kloktiid ûntsnappe. Dizze ôflevering fan de 'Beklimmers' giet oer besinning. 'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies en heart by de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân'. Oer lytse, lokale inisjativen, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn de searje is fan Kjartan Sveinsson.
-
Hoe hâlde ambisjeuze studinten yn Fryslân perspektyf op in goede baan en in goed thús, sadat se net nei de Rânestêd hoege te ferhúzjen? Neffens Jouke de Vries, bestjoersfoarsitter fan de Ryksuniversiteit Grins, kinne júst de jongeren de regio ûntwikkelje. Der hoecht gjin sprake te wêzen fan 'leechrin' en 'braindrain'. 'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies. De FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân' giet oer inisjativen op lokaal, lytsskalich nivo, betocht op basis fan grutte ideeën en idealen. De muzyk yn de searje is fan Kjartan Sveinsson.
- Show more